It wie simmerdei, in moaie jûn
Ik hie sa’n moed, koe alles tille
‘k Siet foar ús doar en tocht my bliid
En breide en song fol nocht en wille

Wa kin it net, Breidzje, it bekende sankje út de bondel Fryslân Sjongt. En it wie yndie in moaie simmerjûn, sa healwei july, doe’t in oantal meiwurkers fan It lûd fan de mar op ‘e tekst wie oer it Wergeaster iepenloftspul dat op 14 septimber syn premjêre belibje sil. En it breidzjen? Wat hat dat mei it stik te krijen? Fiif meiwurkers, Hendrik Fridsma, Sytske de Jong, Bert Sinnema, Ab Strampel en Sophie de Wit sieten om ‘e tafel om op dy fraach antwurd te jaan en om it ien en oar oer it stik te fertellen. En dat gie suver fansels: set dizze minsken by elkoar en freegje wat ditten en datten oer it iepenloftspul en it is net in tel wer stil.

Hendrik jout oan dat it idee fan dit stik al jierren lyn betocht is. ‘It wie in borrelidee fan de KKW, al yn 2015, it moast lokaasjeteäter wurde mei preammen en de wurktitel wie der ek fuort: Fatamorprama…’. In stikmannich Wergeaster kulturele pommeranten hawwe dêrnei ideeën en yngrediïnten oandroegen en op basis dêrfan hat Hendrik in earste ferzje fan it ferhaal delsetten. Letter waard ek de kommisje fan it Iepenloftspul der by frege en neffens Hendrik waard is pas echt serieus yn maart 2017. Nei in min of mear mislearre salsajûn yn de Bidler.

In sikje ja of nee?

Haadrolspiler Ab Strampel, hy spilet de histoaryske figuer Paulus Janz Kley, destiids ien fan de inisjatyfnimmers fan it drûchlizzen fan de Wergeaster Mar, wol fan it wurd haadrolspiler neat witte. ‘Er zijn in dit stuk geen hoofdrolspelers! Ik ben gevraagd tijdens een verjaardagsfeest, natuurlijk aan het eind van de avond en ik heb ja gezegd op één voorwaarde, ik wil geen teksten uit mijn hoofd leren.’ Teksten leare hoefde net by dit iepenloftspul, in diskusjepunt is lykwols noch wol oft der wol of net in moai histoarysk korrekt sikje ûnder it kin fan Kley komme moat. De mieningen binne dizze jûn ferdield, neffens Ab is it dêrfoar al te let: ‘zo snel groeit dat niet meer en bovendien is er het volgende probleem, vroeger had ik in de winter een baard, die ik in het voorjaar verruilde voor een glad kin, soms kwamen er dan opmerkingen uit de buurt in de trant van no, dy frou Strampel koe ek wol in oar ha. Dat wil ik nu graag voorkomen.’ It is wol moai dat Ab, as âldlearaar Nederlânsk him destiids ferdjippe hat yn it santjinde-iuwske Nederlânsk. Mar neffens Ab hawwe wy dêr no neat oan: ‘Als ik zo ga praten, dan verstaat niemand er wat van.’ Bert freget foar de wissichheid noch oft der ek lûdbannen beskikber binne út dy tiid, mar it docht bliken dat dat net it gefal is.

Dwerslizzers

Ien fan de tema’s fan it stik is it drûchlizzen fan de Wergeaster Mar. Bert jout oan dat de lugubere ûndertoan dy’t hjir en der boppe driuwen komt moai by it stik past. ‘Ik lies it boek De Watermeesters, in thriller, mei krekt sa’n lugubere ûndertoan, dêr’t it drûchlizzen fan marren in rol yn spile en dan foaral de rol fan de saneamde watermeesters.’ Watermeesters moasten der foar soargje dat der net te folle wjerstân kaam foar dit soarte fan plannen, en guon dy’t har te bot fersetten, dy waarden troch de watermeesters mei alle wetlike en ûnwetlike middels tsjinhâlden. Yn letter tiden waarden de liken fan dizze ‘dwerslizzers’ soms werom fûn yn de polderdiken.

Ieltbulten fan pake

Der binne dan gjin haadrolspilers, mar as dy der wol wêze soenen, dan wie Sophie de Wit der yn alle gefallen ien fan, teminsten dat bliuwt noch wol even spannend, want sy spilet in boeredochter yn it stik en it liket derop dat de boeredochters har libben net wis binne, sy kinne sa troch ûnbekende oarsaak weireitsje, dus it is efkes ôfwachtsje oft it wier in haadrol bliuwt foar Sophie. Nêst it spyljen kriget Sophie it ek dreech: ‘ik moat soms hiel hurd fan de iene sêne nei de oare, dan moat ik drave, op klompen, yn it tsjuster, dus op gefoel fan it iene nei it oare plak. En mar hoopje dat nimmen in ankel brekt, of dat ik sokke ieltbulten op ‘e fuotten krij as ús pake!’

Sytske is troch Lydia frege foar yn de kleanploech en dat is dizze kear (wierskynlik krekt as alle oare kearen) in serieuze klus: ‘It is in útdaging om 17de iuwske klean te finen. Wy hawwe socht op ynternet en op skilderijen en printen om te sjen hoe’t de minsken der doe ûngefear útseagen. En dêrnei giene wy de ferhierbedriuwen en kringloopwinkels del om guod te finen en foaral om guod foar in pear euro op ‘e kop te tikjen, it bliuwt puzzeljen, want alles moat wol passe. Ek fia Pinterest sykje wy dingen en kinne wy elkoar op ‘e hichte hâlde fan guod dat wy tsjinkomme. It probleem is wol dat it stik yn it tsjuster spile wurdt, dus alle donkere klean falle eins ôf, of wy moatte der wer in ljocht aksint by sykje. Yn it stik steane twa groepen foar inoar oer: de fiskers en de boeren, dat wolle wy ek yn de klean sjen litte, de boeren ha benammen blauwe klean, de fiskers foaral breiden guod, beenwarmers. Mei dat breidzje hawwe wy ús wol wat op ‘e hals helle, der moat écht in hiel soad breide wurde en wat in wurk is dat!’

Hobbels yn ‘e feart

Njonken it breidzjen binne der noch wol saken dy’t oandacht ha moatte. Hendrik wit dêr alles fan: ‘wy moatte mei in oantal preammen om de Grutte Mar hinne, dat kin soms mar krekt, foaral it earste brechje dêr’t wy delkomme is oan de smelle kant, hannen en hollen moatte binnenboard bliuwe. It brechje moast wat oanpast wurde en dat koste nochal wat oerlis mei diverse ynstânsje om dat rûn te krijen, gelokkich koe Jitze, mei tank oan Robert Rinzema, dêr in goed ein oan breidzje. Fierder sjogge wy noch wol wat hobbels yn ‘e feart dy’t foar de foarstellings noch oplost wurde moatte. It moat al goed.’ Bert folt oan: ‘wy gean foar kwaliteit, alles moat wike foar it resultaat!’ ‘Wêrby’t wy wol fan tefoaren sein ha dat it dizze kear lyts bliuwe moast’, seit Hendrik noch. No dat liket yn alle gefallen goed slagge: mear as 130 meiwurkers binne der no al teld!

Wildvreemde vrouwen

Ab kin wol merke dat der safolle Wergeasters meidogge; ‘Ik word in het dorp steeds vaker begroet door wildvreemde vrouwen, die blijkbaar ook meedoen. Het gaat zelfs zover dat als ik samen met de pastoor uit het stuk door het dorp loop, wij tegen elkaar zeggen, hé die doet toch ook mee, die zou ons ook wel eens kunnen groeten.’ Op de fraach oft it hiele ferhaal histoarysk ferantwurde is seit Bert: ‘Paulus Janz. Kley, is in besteande histoaryske figuer, de rest fan it ferhaal is fiksje.’ Ab jout in foarbyld: ‘Een dominee en een pastoor die tegelijk in het verhaal voorkomen, dat kwam in die tijd echt niet voor.’ Foar it grutste part dus in fiktyf ferhaal. Der is ek noch even de fraach oft it ferhaal no in sage of in leginde is. Nei wiidweidige diskusje liket it dochs mear op in sage út te draaien, mar toe mar, it is no al in leginde neamd en dat hâlde wy mar sa.

In oere yn ‘e wyn

It liket in unyk iepenloftspul te wurden, of sa’t Bert it seit: ‘In hoorspel mei bylden, Janneke hat al ús ideeën omset nei in hoorspel en wy brûke koptelefoans fan Tryater, dus elkenien kin straks alles goed ferstean.’ Ek alle byhearrende lûden binne fan tefoaren opnaam foar in diel by Bert thús: ‘by gebrek oan in grintpaadsje hawwe wy it lûd fan rinne oer it grint by ús achterhûs opnaam op in paadsje fan houtsnippers, dat hearde suver itselde. Dat hie achterôf wol makliker kind, want doe’t Wietske thúskaam doe sei sy, wy ha foarhûs in grintpaadsje lizzen, werom ha jim it dêr net dien? Tja…’ Mar it giet net allinnich om byld en gelûd ek oare sintugen, sa as de reuk moatte har gerak krije, dêr is ek omtinken foar. Sophie seit noch dat de meiwurkers dan miskien fan no ôf ek net mear douche moatte, ‘dat dienen de minsken froeger ek net.’ Dat giet de groep krekt wat te fier.

Swart gat

It liket allegearre moai op skema te sitten, Hendrik jout oan dat de kommisje net hiel faak hoeft te fergaderjen: ‘De ferantwurdlikheid leit foaral by de wurkgroepen en de kontaktpersoanen fan dy groepen. Sytske is it der mei iens: ‘dat wurket goed by de kleanploech, mar wy ha it foardiel dat wy klear binne by de premjêre, dan is ús wurk dien, de technyk moat alle jûnen wer klearstean.’ ‘De technyk wurdt wol spannend’, seit ek Hendrik, ‘dat moat alle jûnen goed!’. Sophie hat der ek wol sin oan. ‘Ik wie klear by Halbertsma en doe tocht ik dat ik der earst wol klear mei wie, mar ik wie bang dat ik yn in swart gat falle soe en ik miste fuort de gesellichheid, dus ik wie bliid mei dit projekt. It soe earst trouwens mar 6x útfierd wurde, letter 8x en no al tsien kear! Mar it giet ek foaral om it oefenjen, dat moat gesellich wêze.’ En it moaie fan de bouploech is dat sy sels foar rinne op skema, de kommisje krige al it fersyk om oan te jaan wat der fierder noch moat, want de mannen wienen al klear.

Nûmer 1 hit

By in Wergeaster iepenloftspul heart ek muzyk. De praters fan dizze jûn binne der fan oertsjûge dat der in dikke nûmer ien hit út it stik komme sil, Evert Bossema hat muzyk skreaun foar it stik mei ûnder mear in hiel noflik yn it gehoar lizzend nûmer, wy sille it ôfwachtsje. Ek it lûd fan in bugel spilet in wichtige rol yn it stik, neffens Hendrik komt it idee foar dit ynstrumint út in foarich iepenloftspul, De Suvering. ‘Dat lûd fan dy bugel, dat woene we meinimme yn dit stik. Mar we ha net it nûmer oernaam hear. Us bugel hat in oare sound. Mar it hat sa ’n oansteklik lûd.’ Bert freget noch efkes oan Ab oft der wol al bugels wienen yn de 17de iuw, mar dat is net bekend, teminsten net by Ab.

Wa docht it mei wa?

Al mei al sjocht it der tige goed út mei dit Wergeaster iepenloftspul, ‘Ik zie het positief in,’ seit Ab. Hendrik hopet dat gong deryn bliuwt: ‘Wy hawwe ris earder nei lokaasjeteäter op it wetter west, nei Top en Twel en dêr siet tefolle tiid tusken de sênes, wy sieten op in boat tusken allegearre Top en Twelsters en der wie hieltyd safolle tiid om te praten dat wy oan ‘e ein fan de foarstelling alles wisten wat der yn de doarpen spile, alle nijtsjes, alle roddels en wa’t it mei wa die. Dat wolle wy in Wergea net, wa’t it mei wa docht, dat hoeft net elkenien te witten’. Ab slút oan mei: ‘we moeten er letterlijk de vaart inhouden’.

It boek…

Dan is it praat oer it kommende Wergeaster iepenloftspul op en giet it noch efkes oer de oare iepenloftspullen yn Fryslân, de mieningen binne ferdield oer de ferskate produksjes dy’t guon sjoen hawwe, mar oer ien stik is elkenien posityf: Turks Fruit fan Dronryp, dat wie in moai stik, fansels mei ús eigen Theo en ús eigen Christina en ús eigen Jitse, mar dochs. Der wurdt noch wat diskusjearre oer it ferskil tusken it iepenloftspul, de film en it boek, wie de film better, wie it boek better? Wa sil it sizze? Ien ding is wis: de opmerking ‘ik fûn it boek moaier’ krije wy yn Wergea net te hearren, gjin boek of film as basis foar It lûd fan de mar, mar hielendal en folslein nije fantasij fan kreative Wergeasters.

Arjen Agema

Meiwurkers yn petear, fan links nei rjochts: Hendrik, Sytske, Bert, Ab en Sophie.

No comment yet, add your voice below!


Add a Comment

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *