Hendrik fertelt oer de start fan It lûd fan de mar. ‘It kloppet dat it in borrelidee fan de KKW wie. We ha dêrop in oantal minsken frege om mei te brainstoarmjen oer in ferhaal: Janke-Alie Klaver, Wietske Velde, Bert Sinnema, Tom Kamsma en Jitze Tadema en Hendrik út namme fan de KKW. Yn de notulen kinst it proses moai sjen: we ha yn dit groepke in oantal útgongspunten formulearre, en ek ideeën spuit oer hokker yngrediïnten yn it stik sitte moasten. Mystyk, ienfâld, ljocht, lûd, ferhalend, begraffenis, de toer fan Eagum etc. Op basis fan dizze notulen ha ik it ferhaal yn in synopsis beskreaun.’

Doe wie der yn 2017 dy mislearre salsajûn (alteast yn de eagen fan guon Wergeasters – der wie in soad fris dronken en mar in bytsje Meksikaansk bier). Hendrik: ‘De sneins dêrnei, 26 maart, bin we mei de denktank de rûte by del fearn, wy ha de djipten, de hichten en de breedtes fan de brêgen mjitten en mei in tal fan Corona’s ha we op Tullimore de synopsis bepraten rjochting mooglike sênes en alderhanne dilemma’s besprutsen, sa as wol of net meilifte mei de Kulturele Haadstêd, wa kin it regissearje, foarjier of neijier etc.’

‘We ha earst it Iepenloft frege oft se mei ús neitinke woene oer it organisearjen fan in stik dat der noch net wie. Graach. Janneke Bergsma ha we yn septimber 2018 frege, oft se meidwaan woe, as regisseur mar ek as skriuwer neist Bert en Hendrik. Nei in pear dagen betinktiid om it stik oer te eidzjen wie it in dikke JA!’

No comment yet, add your voice below!


Add a Comment

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *