Betoverjende fartocht oer Wergeaster wetters – SIETSE DE VRIES

Resinsje LC 16 septimber 2019 By jûntiid op in pream tusken de moanneferljochte greiden en reidkragen driuwe is alle kearen wer in fernoegen. En dus is der hast alle jierren wol in iepenloftspul, earne yn it Fryske wetterlân, dat foar dy foarm kiest.

De fartochten binne fan harsels faak al sa bysûnder dat ek by in wat mindere foarstelling de jûn op foarhân al slagge is. It soe de iepenloftploech fan Wergea lykwols de eare tenei wêze om net op in folslein oarspronklike manier it wetter ta poadium te meitsjen. En dus wie it publyk sneontejûn yn Wergea tsjûge fan de premiêre fan it earste iepenloftharkspul.

It ferhaal fan It lûd fan de mar is ûntliend oan it droechlizzen fan de Grutte Wergeaster Mar, oan it begjin fan de santjinde ieu, en in leginde dy’t dêrmei gearhinget. Neffens dy leginde soe de earste hjerststoarm fan it jier alle kearen in jongfaam it libben kostje.

It folksferhaal fan de ferteller sit grôtfol tradisjonele eleminten

De Wergeasters hawwe dat ferhaal yn de foarm fan in harkspul-mei-bylden getten. It publyk krijt it fan de foaren opnommen, troch Hendrik Fridsma fertelde ferhaal troch in koptelefoan te hearren, tagelyk wurdt dat ferhaal op de wâl yn mimyske sênes útbylde.

It liket wat dûbelop – fertelle en útbyldjze tagelyk – mar de sênes binne sa oars fan sfear as it harkspul, dat se echt wat tafoegje. It folksferhaal fan de ferteller sit grôtfol tradisjonele eleminten oer de striid tusken fiskers en boeren, stânsferskillen en mysterieuze stjergefallen, wjerjûn mei stimmen en lûdseffekten.

De útbylding fan sênes hat gauris wat karikaturaals. De spilers mime mei grutte gebearten de emoasjes dy’t de ferteller harren tadichtet. De lilkens, panyk en de wille wurde koart en swierich yn it ljocht set, dêrnei gliidzje de preamen it tsjuster wer yn. En op de koptelefoan klinkt ûnder en tusken de sênes troch sfearfolle en soms opswypjende trompetmuzyk.

It lûd fan de mar is in omslachtige, mar betoverjende en fermaaklike manier om in ienfâldich ferhaal stal te jaan.

Fraachpetear It lûd fan de mar. LC 12 septimber 2019.

No comment yet, add your voice below!


Add a Comment

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *